Springe nei ynhâld

Hooge (Dútslân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hege (eilân))
Hooge / Huuge
Lokaasje fan 'e gemeente Hooge (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje fan 'e gemeente Hooge (read) yn Noard-Fryslân.
Symboal
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtPellworm
Sifers
Ynwennertal105 (31.12.2024)[1]
Oerflak5,78 km²
Befolkingsticht.18 ynw./km²
Hichte5 m
Oar
Postkoade25859
Offisjele webside
www.hooge.de
Kaart
Hooge (Sleeswyk-Holstein)
Hooge

Hooge (Dútsk: Hooge; Noardfrysk: Huuge; Deensk: Hoge) is ien fan 'e Halligen yn Dútslân. It is nei Nees mei likernôch 75 ynwenners de twadgrutste hallig. Hooge is ek de namme fan 'e gemeente, dêr't njonken it eilân ek de net bewenne hallig Norderoog by heart. De gemeente leit yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein. De hallig leit tusken Amrum, Nees en Pellworm yn.

Hooge hat lange tiid in ûnderdiel west fan 'e gritenijs Pellworm. Mei de Twadde Marsellusfloed yn 1362 rekke it eilân los fan Pellworm en rekken de tsjerke en de dyk fan it gebiet skansearre.

Tsjerketerp.

Dat de seespegel heger wurdt en de stoarmen op see sterker is ek te fernimmen op Hooge. Yn 'e 20e iuw rekke it eilân likernôch fiif kear yn it jier ûnder wetter, tsjintwurdich kin dat wol oprinne oant tolve kear yn it jier.

Sûnt de midsiuwen hat it eilân te krijen mei it sakjen fan it ynwennertal. Yn 1593 wienen der noch 23 terpen op it eilân, yn 1758 wienen dat der noch mar 16. Om 1800 hinne wennen der sa'n 480 minsken op it eilân. Krekt foar de Stoarmfloed fan 1825 stienen der likernôch 100 huzen op it eilân en wennen der 393 minsken. 25 jier letter wienen dat noch mar 70 huzen en 250 ynwenners. Oan it begjin fan 'e 20e iuw wennen der noch 140 minsken, tsjintwurdich leit it ynwennertal om en de by de 75 persoanen.

Op it eilân wurdt noch troch in lyts tal minsken it Hallichfrysk sprutsen, in taalfariant fan it Noardfrysk.

Op Hooge binne tsien bewenne terpen, wêrfan twa in dûbelterp foarmje:

  • Backenswarft
  • Kirchwarft
  • Ockelützwarft
  • Hanswarft
  • Ockenswarft
  • Lorenzwarft/Mitteltritt (dûbelterp)
  • Volkertswarft
  • Ipkenswarft
  • Westerwarft

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

· · Berjocht bewurkje

.