Springe nei ynhâld

Bredstedt

Ut Wikipedy
Bredstedt / Bräist
Lokaasje fan 'e gemeente Bredstedt (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje fan 'e gemeente Bredstedt (read) yn Noard-Fryslân.
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
AmtMittleres Nordfriesland
Sifers
Ynwennertal5.790 (31.12.2024)[1]
Oerflak9,75 km²
Befolkingsticht.594 ynw./km²
Hichte7 m
Oar
Stifting1231 (foar it earst neamd), 1510 (flecke)
1900 (stedsrjochten)
Postkoade25821
Offisjele webside
www.bredstedt.de
Kaart
Bredstedt (Sleeswyk-Holstein)
Bredstedt

Bredstedt (Noardfrysk: Bräist; Deensk: Bredsted) is in stêd yn Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De stêd leit oan 'e autodyk B5 besuden de Stolberch (Dútsk: Stollberg), ien fan 'e heechste punten fan 'e Noard-Fryske fêstewâl, en likernôch 16 kilometer noardlik fan Husum.

Bredstedt betsjut 'breed plak' en waard foar it earst yn it Grûnboek fan Waldemar út 1231 neamd.

Oant en mei de 15e iuw lei Bredstedt oan 'e Waadsee. Dêrnei is westlik fan it plak poldere, sadat Bredstedt hjoed-de-dei fiif kilometer ynlânsk leit. Yn 1530 krige Bredstedt de status fan flekke mei merkrjocht.

Oant 1864 lei Bredstedt yn Denemark, yn 'e Sleeswykske gritenij Noardergoesharde (Deensk: Nørre Gøs Herred), yn it syssel Istathe (of Istedsyssel). Bredstedt waard yn 1699 en 1858 troch grutte brannen troffen. Earst yn 1900 krige it plak offisjeel stedsrjochten.

Kulturele ynstellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Osterstraße.

It Nordfriisk Instituut yn Bredsted is it wittenskiplik sintrum dêr't ûndersyk dien wurdt nei de Noardfryske taal, kultuer en skiednis. Yn it ynstitút is in mânske bibleteek ûnderbrocht mei sawol Fryske wurken as ek wurken oer de Deenske en Sorbyske skiednis en kultuer. Yn 'e stedsbiblioteek is in ôfdieling mei Deenske boeken dy't ûnderhâlden wurdt troch de Deenske Sintrale Bibleteek foar Súdsleeswyk (Dútsk: Dänische Zentralbibliothek für Südschleswig).

It Friisk hüs is in hûs yn it sintrum fan Bredsted dêr't de Friisk Foriining, de Noardfryske Feriening, en de seksje noard fan 'e Fryske Rie kantoar hâlde. It Friisk hüs is fêstige yn it âldste gebou fan 'e stêd.

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje