Kim Cattrall
| Kim Cattrall | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Kim Victoria Cattrall | |
| nasjonaliteit | (naturalisearre as bern) (naturalisearre yn 2020) | |
| berne | 21 augustus 1956 | |
| berteplak | Liverpool (Ingelân) | |
| etnisiteit | ||
| jierren aktyf | 1975 – no | |
| prizen | SAG Award 2002, 2004 Golden Globe 2003 | |
| offisjele webside | ||
| Kim Cattrall yn 'e IMDb | ||
Kim Cattrall (folút: Kim Victoria Cattrall; útspr.: [kəˈtɹæl], likernôch: "kuh-trel") (Liverpool, 21 augustus 1956) is in yn 'e Feriene Steaten wenjend en wurkjend Britsk-Kanadeesk-Amerikaansk aktrise en skriuwster. Hoewol't se yn gâns toanielstikken, films en tillefyzjesearjes spile hat, is se benammen bekend wurden fan har rol as de seksueel frijfochten Samantha Jones yn 'e romantyske komeedzjedramasearje Sex and the City (1998–2004). Foar dy rol ûntfong se gâns nominaasjes foar prizen en wûn se twa Screen Actors Guild Awards en ien Golden Globe. Dêrnjonken hie Cattrall ek bekende rollen yn films as Porky's, Police Academy, Big Trouble in Little China, Mannequin en Star Trek VI: The Undiscovered Country. Fierders hat Cattrall ek ferskate non-fiksjeboeken oer seks publisearre.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kim Cattrall waard berne op 21 augustus 1956 yn 'e wyk Mossley Hill fan 'e Ingelske havenstêd Liverpool. Se is fan Ingelsk etnysk komôf. Har âldelju hiene allebeide de Britske nasjonaliteit. Har heit wie Dennis Cattrall (1925–2012), in boukundich yngenieur, en har mem wie Gladys Shane Baugh (1929–2022), dy't wurke as sekretaresse. Cattrall hat twa susters en se hie ek in jongere broer, Christopher (1963–2018).
Doe't se noch mar in fearnsjier âld wie, emigrearren har âlden mei de húshâlding nei Kanada, dêr't Cattrall in naturalisearre steatsboarger waard. Se groeide op yn Courtenay, oan 'e eastkust fan Vancouvereilân yn 'e provinsje Britsk-Kolumbia. Doe't se 11 jier wie, kearde se mei har mem in skoft werom nei Liverpool om't har beppe yn 'e minnichte rekke wie. It fuortset ûnderwiis folge Cattrall oan 'e Georges P. Vanier Secondary School yn Courtenay, dêr't se yn 1972 slagge foar har eineksamens. Neitiid lei se akteareksamens ôf oan 'e Londenske Akademy fan Muzyk en Dramakeunst (LAMDA), foar't se har mei 16 jier yn New York fêstige om in aktearoplieding te folgjen oan 'e Amerikaanske Akademy foar de Dramakeunsten (AADA). Yn 1975 studearre se dêr mei 19 jier ôf.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarôfgeande oan Sex and the City
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fuort nei't se har oplieding oan 'e AADA ôfrûne hie, tekene Cattrall in kontrakt foar fiif jier mei de foaroansteande regisseur Otto Preminger. Har debút as filmaktrise makke se yn 1975 yn Preminger syn aksjeskriller Rosebud. Yn 1976 kocht filmstudio Universal Pictures har kontrakt mei Preminger ôf en waard Cattrall ien fan 'e lêste aktrises dy't troch dy studio ûnder kontrakt nommen waarden. (It kontraktspilerstelsel waard yn 1981 nei hast tachtich jier beëinige.) De fertsjintwurdichster fan Universal yn New York, Eleanor Kilgallen, caste Cattrall yn gastrollen yn withoefolle tillefyzjesearjes, wêrûnder de detektivesearje Quincy, M.E., de sikehûssearje Trapper John, M.D., de plysjesearjes Columbo en Starsky & Hutch, de aksjesearje Charlie's Angels, de superheldesearje The Incredible Hulk en de westernsearje How the West Was Won. Dêrnjonken spile se ek yn The Bastard (1978) en The Rebels (1979), twa histoaryske minysearjes basearre op 'e boeken fan bestsellerauteur John Jakes.
Troch har tillefyzjewurk, har talint foar aktearjen en har skientme krige Cattrall al rillegau in beskate bekendheid yn 'e Amerikaanske film- en tillefyzjeyndustry. Sadwaande slagge it har nei fiif jier om 'e oerstap te meitsjen fan gastrollen yn tillefyzjesearjes nei byrollen yn films. Sa spile se yn 1980 mei filmstjer Jack Lemmon yn it foar in Oscar nominearre Tribute. Ynternasjonaal briek Cattrall yn 1981 troch mei har rol as de nije, seksy gymnastykleararesse Lynn Honeywell yn 'e komeedzjefilm Porky's. Yn 1984 folge in oar grut súkses fan harres yn har rol as rike jongedame dy't studinte oan 'e plysje-akademy wurdt yn 'e komeedzjefilm Police Academy. Dêrby wie Cattrall de tsjinspylster fan Steve Guttenberg.
Yn 1985 spile Cattrall yn trije films: it komeedzjedrama Turk 182, de post-apokalyptyske aksjefilm City Limits en, as tsjinspylster fan 'e Frânske filmstjer Jean-Paul Belmondo, yn 'e Frânsk-Kanadeeske misdiekomeedzje Hold-Up. It jiers dêrop hie se de froulike haadrol yn 'e aksjekomeedzje Big Trouble yn Little China, as tsjinspylster fan Kurt Russell. Har haadrol yn 'e cultfilmkomeedzje Mannequin, út 1987, as in paspop dy't beset is troch de geast fan in frou út 'e Egyptyske Aldheid, wie in reuseftich súkses by it publyk. Oare films dêr't Cattrall ein 1980-er jierren yn spile, wiene: de romantyske neo-noir Masquerade, de skrillerfilm Midnight Crossing en de komeedzje Palais Royale (alle trije út 1988), en de mantel-en-degenfilm The Return of the Musketeers en de aventoerekomeedzje Honeymoon Academy (beide út 1989). Yn 1990 wie se te sjen as Judy McCoy yn 'e swarte komeedzje The Bonfire of the Vanities, op basis fan 'e roman mei deselde namme fan Tom Wolfe.
Yn 'e 1980-er jierren wie Cattrall ek aktyf as toanielaktrise en stie se gauris op 'e planken yn foaroansteande teäters yn Los Angeles mei rollen yn toanielstikken as A View from the Bridge fan Arthur Miller (1982), en Trije Susters (1985) en Wylde Huning (1986), beide fan Anton Tsjechov. Mei dat lêste stik makke se yn 1986 ek har debút op Broadway. Yn 1989 spile se de rol Célimène yn In Fijân fan Minsken fan Molière, sawol yn Los Angeles as yn New York. Yn 1993 hie se de titelrol yn it stik Miss Julie.

Ien fan har bekendste rollen spile Cattrall yn 1991 as de ferriedlike Vulcaanske luitenant Valeris yn 'e science fiction-film Star Trek VI: The Undiscovered Country. Se wie sels belutsen by de ûntwikkeling fan dat personaazje troch har eigen hierstyl te ûntwerpen en mei te tinken oer in tapaslike namme. It jiers dêrop wie se te sjen yn 'e dystopyske plysjehorrorfilm Split Second. Yn 1995 kamen der twa films fan har út: de skriller Above Suspicion en de komeedzje Live Nude Girls. Op 'e tillefyzje hie Cattrall yn 'e 1990-er jierren gastrollen yn searjes as Dream On, Screen One en The Outer Limits. Yn 1997 liende se har stim oan it personaazje Tami Margulies yn in ôflevering fan 'e tekenfilmsearje Duckman. Ek spile se yn 'e minysearjes Wild Palms en Angel Falls (beide út 1993), Tom Clancy's Op Center (1995) en Invasion (1997), en yn tillefyzjefilms lykas Miracle in the Wilderness (1991), Double Vision (1992), Running Delilah (1993) en The Heidi Chronicles (1995).
Sex and the City
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1997 waard Cattrall cast foar in fêste rol yn 'e feministyske, romantyske komeedzjedramasearje Sex and the City fan tillefyzjeprodusint Darren Star. Dy rige waard fan 1998 ôf útstjoerd op it Amerikaanske tillefyzjenetwurk HBO en wie hast fuortendaliks al in trochslaand súkses. Cattrall en har tsjinspylsters Sarah Jessica Parker, Kristin Davis en Cynthia Nixon spilen fjouwer freondinnen dy't elts in froulik stereotype fertsjintwurdigen. It personaazje fan Cattrall wie Samantha Jones, in seksueel frijfochten frou foar wa't de jierren al wat begjinne te tellen en dy't derfan hâldt om kekene lju (lykas Davis har personaazje Charlotte York) te shockearjen. Mei't Sex and the City ek yn gâns oare lannen en territoaria op 'e tillefyzje kaam, waard Cattrall as Samantha Jones wier wrâldferneamd, mear noch as Parker, dy't Carrie Bradshaw spile, de eigentlike haadpersoan (en fertelster) fan 'e searje.
Foar har rol yn Sex and the City waard Cattrall fjouwer kear (yn 2000, 2001, 2003 en 2004) nominearre foar de Golden Globe yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise yn in searje, minysearje of tillefyzjefilm. Yn 2003 wûn se dy priis. Yn 2002 wûn se ek, yn 'e mande mei Parker, Davis en Nixon, de Screen Actors Guild Award foar bêste cast fan in komeedzjesearje. Foar dyselde priis waarden se yn 2001, 2003, 2004 en 2005 ek nominearre. Fierders waard Cattrall foar har rol yn 'e searje yn 2002 en 2003 nominearre foar de Screen Actors Guild Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje, en yn 2000, 2001, 2002, 2003 en 2004 waard se nominearre foar de Emmy Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje.
Troch har eardere rol yn Porky's wie Cattrall yn 'e 1980-er jierren al útgroeid ta in sekssymboal, mar har rol as Samantha Jones yn Sex and the City fernijde dy status en wreide him út. Sa waard har yn 2005, doe't se 49 jier wie, yn it tydskrift TV Guide it achtste plak taparte op 'e ranglist fan 'e 50 meast seksy stjerren. Cattrall brûkte har status yn 2002 om út te pakken mei in non-fiksjeboek oer seksualiteit, dat útgroeide ta in bestseller. It hiet Satisfaction: The Art of the Female Orgasm en gie oer it orgasme by froulju. Se hie it boek yn 'e mande mei har doetiidske man Mark Levinson skreaun. Yn 2005 wie se ek útfierend produsinte fan en die se de voice-over by de dokumintêre Kim Cattrall: Sexual Intelligence, wêryn't se de skiednis fan seks beljochte en útlei hoe't it yn 'e Westerske kultuer ta sa'n taboe wurde kinnen hat. Under deselde titel ferskynde ek in boek mei in provokative neakenfoto fan Cattrall op 'e omslach. In trêde boek fan Cattrall oer froulike seksualiteit ferskynde yn 2006 ûnder de titel Being a Girl: Navigating the Ups and Downs of Teen Life.
Sex and the City rûn seis seizoenen, fan 1998 oant en mei 2004. Neitiid kroep Cattrall yn 2008 jitris yn 'e hûd fan Samantha Jones foar de reünyfilm Sex and the City. Foar dy rol waard se, yn 'e mande mei Parker, Davis, Nixon en Chris Noth (yn 'e rol fan Mr. Big) nominearre foar de People's Choice Award yn 'e kategory favorite cast. Yn 2010 wie Cattrall op 'e nij fan 'e partij foar de twadde reünyfilm, Sex and the City 2. Plannen foar in trêde reünyfilm rûnen ein 2010-er jierren op 'e non. Dat kaam mei troch Cattrall har wegering om op 'e nij Samantha Jones te spyljen, om't se har net fine koe yn guon fan 'e foarstelde ferhaallinen (it stjerre litten fan Mr. Big en it ûntfangen troch Samantha fan neakenfoto's fan Miranda har fjirtjinjierrige soan Brady).

Nei't dúdlik wurden wie dat it net ta in trêde film komme soe, begûn ein 2010-er jierren de ûntwikkeling fan in revival fan 'e tillefyzjesearje Sex and the City. Cattrall waard lykwols net yn 'e plannen dêrfoar behelle. De searje, dy't as titel And Just Like That... krige, kaam yn 2021 sûnder har op 'e tillefyzje. Yn 2022 prate Sarah Jessica Parker yn in podcast fan it tydskrift The Hollywood Reporter oer de redens dat Cattrall net weromfrege wie. Se sei: "We hawwe har net frege om der diel fan út te meitsjen omdat se dúdlik makke hie dat it net wat wie dat se dwaan woe, en it fielde foar ús langer net noflik oan [om har wer te freegjen], dat it kaam gewoan net by ús op." Yn 2023 ferklapte Cattrall yn in fraachpetear mei de BBC dat it nea bot bûtere hie tusken har en de oare fêste castleden fan Sex and the City, wêrmei't se suggerearre dat der mear efter har bûtensluting siet as Parker hawwe woe. Nettsjinsteande dat kearde Cattrall letter dat jier noch ien kear yn 'e rol fan Samantha Jones werom foar in koarte cameo yn 'e lêste ôflevering fan it twadde seizoen fan And Just Like That...
Nei Sex and the City
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2005 wie Cattrall te sjen yn 'e Disney-film Ice Princess, as de keunstrydtrainster fan 'e haadpersoan, dy't spile waard troch Michelle Trachtenberg. Datselde jiers fertolke se op it toaniel yn it Londenske West End de rol fan Claire, in ferlamme frou dy't stjerre wol, yn it oangripende toanielstik Whose Life Is It Anyway? Oare toanielstikken dêr't se yn 'e folgjende jierren yn spile, wiene The Cryptogram (2006) fan David Mamet, Private Lives (2011) fan Noël Coward en Sweet Bird of Youth (2013) fan Tennessee Williams. Ek hie se de rol fan Kleopatra yn 'e trageedzje Antonius en Kleopatra, dat yn 2010 yn har berteplak Liverpool opfierd waard. Ek wurke Cattrall yn 'e twadde helte fan 'e 2000-er jierren mei oan Britske reklamespotsjes foar Tetley-tee en advertinsjes foar Bacardi-rum. In Nijseelânsk reklamespotsje foar it automerk Nissan, wêryn't Cattrall yn har oersekste alter ego Samantha Jones te sjen wie, waard yn 2006 weromlutsen: der wiene klachten kommen oer de seksuele taspilings, dy't guon lju blykber te fier giene.
Op it wite doek wie Cattrall datselde jiers te sjen as de tsjinspylster fan Brendan Gleeson yn 'e film The Tiger's Tail fan regisseur John Boorman, in swarte komeedzje oer de ynfloed dy't de doetiidske ekonomyske opgong yn Ierlân op 'e befolking hie. Yn 2007 spile se yn 'e Britske tillefyzjefilm My Boy Jack, oer de wier barde syktocht fan 'e ferneamde skriuwer Rudyard Kipling nei syn op 'e slachfjilden fan 'e Earste Wrâldoarloch weiwurden soan. Yn 2009 krige Cattrall in stjer op Canada's Walk of Fame yn Toronto. Se hie dat jiers in gastrol as stimaktrise yn 'e langrinnende satiryske tekenfilmsearje The Simpsons. Yn 'e Kanadeeske animearre komeedzjesearje Producing Parker, dy't rûn fan 2009 oant en mei 2011, spriek se de fêste rol fan Dee yn. Yn 2010 spile se de rol fan Amelia Bly yn 'e troch filmkritisy goed ûntfongen politike skriller The Ghost Writer, fan 'e Poalsk-Frânske regisseur Roman Polański, en teffens wie se dat jier te sjen yn 'e minysearje Any Human Heart, op basis fan 'e roman mei deselde namme fan William Boyd.
Yn 2014 wie Cattrall sawol ien fan 'e haadrolspilers as de útfierend produsinte fan 'e súksesfolle Kanadeeske searje Sensitive Skin. Yn 2016 wie se te sjen yn 'e rol fan Emily French yn 'e twadielige BBC-minysearje The Witness for the Prosecution, dy't basearre waard op in koart ferhaal fan Agatha Christie. Yn 2017 waard Cattrall yn 'e tige súksesfolle Sweedske searje Modus cast as de presidint fan 'e Feriene Steaten. Fan 2018 oant 2019 spile se yn 'e searje Tell Me a Story op 'e streamingtsjinst Paramount+. Se hie yn 2020 ien fan 'e haadrollen yn 'e dramasearje Filthy Rich fan it Amerikaanske tillefyzjenetwurk Fox. Har rol wie dy fan Margaret, de matriarch fan in Súdlike famylje dy't stjonkende ryk wurden is troch de eksploitaasje fan in kristlik tillefyzjenetwurk. Nei't Margaret har man omkomt by in fleantúchûngemak docht bliken dat er trije oerwûne bern hat, dy't neffens syn testamint allegearre meipartsje meie yn it famyljefortún. Op it Tillefyzjefestival fan Atlanta waard Cattrall yn 2020 de Icon Award takend foar har rol yn Filthy Rich.
Yn 2021 waard Cattrall cast as de fertelster yn 'e komeedzjesearje How I Met Your Father, in spin-off fan it eardere en bekendere How I Met Your Mother, wêryn't Bob Saget de ferteller west hie. Se wie yn dy searje de âldere, op it ferline weromsjende ferzje fan it personaazje dat spile waard troch Hilary Duff. Yn 2022 hie Cattrall in haadrol yn 'e revivalsearje Queer as Folk op 'e streamingtsjinst Peacock, en yn 2023 hie se in haadrol yn 'e searje Glamorous op 'e streamingtsjinst Netflix. Datselde jiers wie se as de tsjinspylster fan Robert De Niro te sjen yn 'e komeedzjefilm About My Father, dy't ynspirearre waard troch it libben fan komyk Sebastian Maniscalco.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nasjonaliteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cattrall hat it meastepart fan har libben in dûbele Britsk-Kanadeeske nasjonaliteit hân. Yn 2020 liet se har dêropta naturalisearje ta in steatsboarger fan 'e Feriene Steaten om't se stimme kinne woe yn 'e presidintsferkiezings fan dat jier.
Untsnapt oan 'e dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 21 desimber 1988 ûntkaam Cattrall mar kwealk oan 'e dea doe't se nei de Feriene Steaten fleane woe mei Pan Am-flecht 103. Ien dei earder boekte se har ôfreis út Londen lykwols om nei in lettere flecht, sadat se dy jûns noch te winkeljen gean koe by it warehûs Harrods. (Pan Am-flecht 103 stoarte nei in bomoanslach del by it Skotske Lockerbie, wêrby't alle ynsittenden om it libben kamen.)
Sûnensswierrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cattrall drinkt gjin alkohol om't se dêr hast fuortendaliks pineholle fan kriget.
Yn 2015 waard Cattrall cast yn in toanielstik fan Penelope Skinner dat opfierd wurde soe yn it Londenske West End. Mar in pear dagen foar de premiêre moast se ôfsizze omreden fan oanhâldende sliepeleazens dy't har normaal funksjonearjen alhiel ûnmooglik makke. Se kearde dêrop werom nei New York, dêr't se in programma fan gedrachsterapy begûn om harsels te trainen en sliep better. Nei har eigen sizzen bestie dat út it oanlearen fan ferskate bêdtiidrituelen (mei as wichtichste om alle elektroanyske apparaten foargoed út har sliepkeamer te ferwiderjen), en troch it gebrûk fan it bêd te beheinen ta noch mar twa aktiviteiten, wêrfan't ien sliepen is.
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2009 die Cattrall mei oan 'e BBC-dokumintêresearje Who Do You Think You Are? (wêrfan't de Nederlânske ferzje Verborgen Verleden hjit) oer de stambeam fan bekende persoanen. Cattrall ûntdiek dat har pake George Baugh yn 1938 fan 'e iene op 'e oare dei weiwurden wie en syn húshâlding, mei Cattrall har doe achtjierrige mem en twa jongere muoikes, yn 'e steek litten hie. It die bliken dat Baugh neitiid bigamy begien hie troch in jier letter yn it doarp Tudhoe yn noardlik Ingelân mei in oare frou te trouwen, mei wa't er nochris fjouwer bern krige. Baugh emigrearre yn 1961 mei syn nije húshâlding nei Austraalje, dêr't er it haad fan in postkantoar waard, yn 1971 mei pinsjoen gie en yn 1974 yn Sydney ferstoar. De mem en muoikes fan Cattrall hiene nea mear wat fan harren heit fernommen nei syn hommelse ferdwining yn 1938. Deselde ôflevering waard letter yn in op 'e nij montearre ferzje ek útstjoerd yn 'e Amerikaanske searje Who Do You Think You Are?
Op 4 febrewaris 2018 socht Cattrall de oandacht fan 'e media mei it berjocht dat har jongere broer Christopher yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta fermist rekke wie. Se frege eltsenien om te helpen om him te finen. Christopher Cattrall waard lykwols ferskate oeren letter dea oantroffen. It waard fêststeld dat er selsmoard dien hie.

Houliken en oare relaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cattrall hat fjouwer kear troud west. Har earste houlik, mei in Larry Davis, duorre fan 1977 oant 1979 en waard neatich ferklearre. Yn 1982 wertroude se mei in André J. Lyson, mei wa't se ferskate jierren yn it Dútske Frankfurt am Main wenne. Yn dy tiid learde se floeiend Dútsk te sprekken, mar yn 2010 joech se ta dat se dat al fierhinne wer ferleard wie. Har houlik mei Lyson einige yn 1989 yn in skieding. Har trêde houlik, dat begûn yn 1998 en yn 2004 ek op in skieding útrûn, wie mei de Amerikaanske ûntwerper fan audio-apparatuer Mark Levinson, mei wa't se yn 2002 har boek Satisfaction: The Art of the Female Orgasm skreau. Yn 2016 krige Cattrall in relaasje mei de Britske BBC-wurknimmer Russell Thomas. Se trouden op 4 desimber 2025 yn Londen op it Alde Gemeentehûs fan Chelsea.
Njonken har fjouwer houliken hie Cattrall troch de jierren hinne ek ferskate relaasjes dy't net ta in houlik laten. Sa hie se yn 'e iere 1980-er jierren koart in românse mei de eardere Kanadeeske premier Pierre Trudeau. (Yn in ôflevering út 2016 fan 'e Amerikaanske dokumintêresearje 60 Minutes waard se op basis fan in âlde foto út 1981 misidentifisearre as Margaret, de mem fan Trudeau syn soannen Justin, Alexander en Michel.) Oare relaasjes hie Cattrall mei de Brazyljaansk-Amerikaanske akteur Daniel Benzali, de Amerikaanske musikus Gerald Casale, de Frânske yntellektueel Bernard-Henri Lévy en de Britsk-Sûdaneeske akteur Alexander Siddig.
Cattrall hat gjin bern. Yn 2015 wie hja te gast yn it Woman's Hour fan 'e BBC, dêr't se it hie oer har eigen kar om "bernfrij" te libjen en "in âlder te wêzen sûnder sels in bern te krijen". Dat joech oanlieding ta gâns kontroverse.
Earedoktoraten en filantropy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cattrall naam yn 2010 in earedoktoraat yn ûntfangst fan 'e John Moores Universiteit fan Liverpool en yn 2018 in oarenien fan 'e Universiteit fan Britsk-Kolumbia.
Se finansiert in stúdzjebeurs foar learlingen fan har âlde middelbere skoalle, de Georges P. Vanier Secondary School yn Courtenay (Britsk-Kolumbia). De Kim Cattrall Bursary for the Performing Arts kent 3.000 Kanadeeske dollar yn 't jier ta oan learlingen dy't nei it slagjen foar de middelbere skoalle in ferfolch- of beropsoplieding foar de poadiumkeunsten folgje wolle.
Yn 2018 waard Cattrall yn 'e mande mei dame Judi Dench ambassadrise foar de Keninklike Botanyske Tún fan Kew yn Londen.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2002 – Satisfaction: The Art of the Female Orgasm (mei Mark Levinson)
- 2005 – Kim Cattrall: Sexual Intelligence
- 2006 – Being a Girl: Navigating the Ups and Downs of Teen Life
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Filmografy as akteur | |||
| jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
|---|---|---|---|
| films | |||
| 1975 | Rosebud | Joyce Donnovan | |
| 1977 | Deadly Harvest | Susan Franklin | |
| 1980 | Tribute | Sally Haines | |
| 1981 | Ticket to Heaven | Ruthie | |
| 1981 | Porky's | Lynn "Lassie" Honeywell | |
| 1984 | Police Academy | Karen Thompson | |
| 1985 | Turk 182 | Danny Boudreau | |
| 1985 | City Limits | Wickings | |
| 1985 | Hold-Up | Lise | |
| 1986 | Big Trouble in Little China | Gracie Law | |
| 1987 | Mannequin | Ema "Emmy" Hesire | |
| 1988 | Masquerade | Brooke Morrison | |
| 1988 | Midnight Crossing | Alexa Schubb | |
| 1988 | Palais Royale | Odessa Muldoon | |
| 1989 | The Return of the Musketeers | Justine de Winter | |
| 1989 | La famiglia Buonanotte | muoike Eva | |
| 1989 | Honeymoon Academy | Chris | |
| 1990 | The Bonfire of the Vanities | Judy McCoy | |
| 1991 | Star Trek VI: The Undiscovered Country | luitenant Valeris | |
| 1992 | Split Second | Michelle McLaine | |
| 1994 | Breaking Point | Allison Meadows | |
| 1995 | Above Suspicion | Gail Cain | |
| 1995 | Live Nude Girls | Jamie | |
| 1996 | Unforgettable | Kelly | |
| 1996 | Where Truth Lies | Racquel Chambers | |
| 1997 | Exception to the Rule | Carla Rainer | |
| 1998 | Modern Vampires | Ulrike | |
| 1999 | Baby Geniuses | Robin | |
| 2001 | 15 Minutes | Cassandra | |
| 2002 | Crossroads | Caroline Wagner | |
| 2005 | Ice Princess | Tina Harwood | |
| 2006 | The Tiger's Tail | Jane O'Leary | |
| 2007 | Shortcut to Happiness | Constance Hurry | |
| 2008 | Sex and the City | Samantha Jones | nom. People's Choice Award foar favorite cast |
| 2010 | The Ghost Writer | Amelia Bly | |
| 2010 | Meet Monica Velour | Monica Velour | |
| 2010 | Sex and the City 2 | Samantha Jones | |
| 2019 | Horrible Histories: The Movie – Rotten Romans | Agrippina | |
| 2023 | About My Father | Tigger | |
| tillefyzje | |||
| 1976 | Dead on Target | sekretaresse | net fermeld op 'e ôftiteling; tillefyzjefilm |
| 1977 | Good Against Evil | Linda Isley | tillefyzjefilm |
| 1977 | Quincy, M.E. | Joy DeReatis | gastrol; ôfl. Let Me Light the Way |
| 1977 | Logan's Run | Rama II | gastrol; ôfl. Half Life |
| 1977 | Switch | kaptein Judith Pierce | gastrol; ôfl. Dancer |
| 1977 | What Really Happened to the Class of '65? | Cynthia | gastrol; ôfl. The Girl Nobody Knew |
| 1978 | The Hardy Boys/Nancy Drew Mysteries | Marie Claire | gastrol; ôfl.: Voodoo Doll: Part 1 en Part 2 |
| 1978 | Columbo | Joanne Nicholls | gastrol; ôfl. How to Dial a Murder |
| 1978 | The Bastard | Anne Ware | minysearje |
| 1978 | Starsky & Hutch | Emily Harrison | gastrol; ôfl. Blindfold |
| 1978 | The Paper Chase | Karen Clayton | gastrol; ôfl. Da Da |
| 1978 | Family | Susan Madison | gastrol; ôfl. Just Friends |
| 1979 | The Incredible Hulk | Gabrielle White | gastrol; ôfl. Kindred Spirits |
| 1979 | How the West Was Won | Dolores | gastrol; ôfl. The Slavers |
| 1979 | Vegas | prinsesse Zara | gastrol; ôfl. The Visitor |
| 1979 | The Night Rider | Regina Kenton | tillefyzjefilm |
| 1979 | The Rebels | Anne Kent | minysearje |
| 1979 | Crossbar | Katie Barlow | tillefyzjefilm |
| 1979 | Charlie's Angels | Sharon Kellerman | gastrol; ôfl. Angels at the Altar |
| 1979 | Trapper John, M.D. | prinsesse Allya | gastrol; ôfl. The Surrogate |
| 1980 | Scruples | Melanie Adams | minysearje; 3 ôfl. |
| 1980 | The Gossip Columnist | Dina Moran | tillefyzjefilm |
| 1980 | Hagen | Carol Sawyer | gastrol; ôfl. Nightmare |
| 1982 | Tucker's Witch | Amanda Tucker | nea útstjoerde pilotôflevering |
| 1982 | Trapper John, M.D. | Amy West | gastrol; ôfl. You Pays Your Money |
| 1983 | Tales of the Gold Monkey | Whitney Bunting | gastrol; ôfl. Naka Jima Kill |
| 1984 | Sins of the Past | Paula Bennett | tillefyzjefilm |
| 1991 | Miracle in the Wilderness | Dora Adams | tillefyzjefilm |
| 1992 | Double Vision | Caroline / Lisa | tillefyzjefilm |
| 1993 | Running Delilah | Christina / Delilah | tillefyzjefilm |
| 1993 | Wild Palms | Paige Katz | minysearje; 5 ôfl. |
| 1993 | Angel Falls | Genna Harrison | fêste rol; 6 ôfl. |
| 1994 | Dream On | Jeannie | gastrol; ôfl. The Homecoming Queen |
| 1994 | Screen One | Sydnie | gastrol; ôfl. Two Golden Balls |
| 1995 | Tom Clancy's Op Center | Jane Hood | minysearje; 2 ôfl. |
| 1995 | The Heidi Chronicles | Susan | tillefyzjefilm |
| 1996 | Every Woman's Dream | Liz Wells | tillefyzjefilm |
| 1997 | The Outer Limits | Rebecca Highfield | gastrol; ôfl. Re-generation |
| 1997 | Invasion | Sheila Moran | minysearje; 2 ôfl. |
| 1997 | Rugrats | Melinda Finster | as stimaktrise; gastrol; ôfl. Mother's Day |
| 1997 | Duckman | Tami Margulies | as stimaktrise; gastrol; ôfl. The Tami Show |
| 1998 | Creature | Amanda Mayson | minysearje; 2 ôfl. |
| 1998–2004 | Sex and the City | Samantha Jones | fêste rol; 94 ôfl. Golden Globe foar bêste byrol fan in aktrise yn in searje, minysearje of tillefyzjefilm (2003) SAG Award foar bêste cast fan in komeedzjesearje (2001) 3 × nom. Golden Gobe foar bêste byrol fan in aktrise yn in searje, minysearje of tillefyzjefilm (2000, 2001, 2004) 2 × nom. SAG Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje (2002, 2003) 3 × nom. SAG Award foar bêste cast fan in komeedzjesearje (2001, 2003, 2005) 5 × nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje (2000–2004) |
| 1999 | 36 Hours to Die | Kim Stone | tillefyzjefilm |
| 2004 | The Simpsons | Chloe Talbot | as stimaktrise; gastrol; ôfl. She Used to Be My Girl |
| 2005 | Kim Cattrall: Sexual Intelligence | harsels | presintatrise fan in dokumintêre; ek útfierend produsinte nom. Gemini Award foar bêste presintator |
| 2007 | My Boy Jack | Caroline Kipling | tillefyzjefilm |
| 2007 | The Sunday Night Project | harsels | gastpresintatrise fan seizoen 5, ôfl. 13 |
| 2009 | Who Do You Think You Are? (G.B.) | harsels | ûnderwerp fan stambeamûndersyk; ôfl. Kim Cattrall |
| 2009 | The Simpsons | fjirde Simpson-bern | as stimaktrise; gastrol; ôfl. O Brother, Where Bart Thou? |
| 2009–2011 | Producing Parker | Dee | as stimaktrise; fêste rol; 26 ôfl. nom. Canadian Screen Award foar bêste akteur yn in tekenfilm of tekenfilmsearje |
| 2010 | Any Human Heart | Gloria Scabius | minysearje; 2 ôfl. |
| 2011 | Who Do You Think You Are? (F.S.) | harsels | ûnderwerp fan stambeamûndersyk; ôfl. Kim Cattrall |
| 2011 | Upstairs Downstairs Abbey | grevinne fan Grantham | sketch foar it goede doel yn it ramt fan Red Nose Day 2011 (parody op Downton Abbey) |
| 2014–2016 | Sensitive Skin | Davina Jackson | fêste rol; 12 ôfl. nom. Canadian Screen Award foar bêste froulike haadrol yn in komeedzjeproduksje |
| 2016 | The Witness for the Prosecution | Emily French | minysearje; 2 ôfl. |
| 2017 | Modus | presidint fan 'e Feriene Steaten Helen Tyler | weromkearende rol yn seizoen 2 |
| 2018–2019 | Tell Me a Story | Colleen Powell | fêste rol yn seizoen 1 |
| 2020 | Filthy Rich | Margaret Monreaux | fêste rol, 10 ôfl.; ek útfierend produsinte |
| New York: World's Richest City | harsels | voice-over by in dokumintêresearje | |
| 2022 | Queer as Folk | Brenda Beaumont | weromkearende rol |
| 2022–2023 | How I Met Your Father | de takomstige Sophie | voice-over |
| 2023 | Glamorous | Madolyn Addison | fêste rol |
| 2023 | And Just Like That... | Samantha Jones | gastrol; ôfl. The Last Supper Part Two: Entree |
| fideoclips | |||
| 1987 | Nothing's Gonna Stop Us Now | Ema "Emmy" Hesire | liet fan Starship |
| harkspullen | |||
| 2024–no | Central Intelligence | Eloise Page | fêste rol; 30 ôfl. (teldatum: 11 sept. 2026) |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk harkspulakteur
- Amerikaansk publisist
- Kanadeesk toanielakteur
- Kanadeesk telefyzje-akteur
- Kanadeesk filmakteur
- Kanadeesk stimakteur
- Kanadeesk harkspulakteur
- Kanadeesk publisist
- Ingelsk toanielakteur
- Ingelsk telefyzje-akteur
- Ingelsk filmakteur
- Ingelsk stimakteur
- Ingelsk harkspulakteur
- Ingelsk publisist
- Golden Globe-winner
- Kanadeesk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Kanadeesk komôf
- Persoan berne yn 1956
