Springe nei ynhâld

Karoo

Ut Wikipedy
De Karoo (de giele line omfiemet beide Karoo's.

De Karoo is in ûnbidich grutte healwoastyn yn Súd-Afrika dy't hast in tredde fan it hiele lân beslacht. De namme komt fan it Koisan-wurd karusa, wat "lân fan 'e grutte toarst" betsjut. It is in lânskip fan ekstremen: oerdeis kin it smoarhyt wêze, wylst it nachts flink ôfkuolje kin oant ûnder nul. As der nei in lange skoft fan drûchte genôch rein falt, feroaret de Karoo yn in hoart fan in grize, moudige flakte yn in ûnbidige see fan blommen.

It gebiet wurdt meastentiids opdield yn twa parten:

  • De Lytse Karoo: In smelle delling tusken hege berchrigen. Dit diel is wat griener en stiet bekend om de strúsfûgelpleatsen, benammen om it plak Oudtshoorn.
  • De Grutte Karoo: In ûnbidich flak plato mei karakteristike tafelbergen. Dat is it hert fan 'e regio, dêr't it hâlden fan skiep de wichtichste boarne fan ynkomsten is.

De Karoo is tinbefolke, mar it wurdt al tûzenen jierren bewenne. Sûnt de 18e iuw hawwe harren ek Europeeske boeren fêstige. Troch de drûchte hat in boer faak tûzenen hektaren grûn nedich foar it fee en de pleatsen lizze faak tige isolearre. Tsjintwurdich lûkt de regio ek in soad keunstners en rêstsykers dy't de drokte fan 'e stêd ûntflechtsje wolle.

Njonken de lânbou is de Karoo ferneamd om syn rykdom oan fossilen fan miljoenen jierren lyn en de skjinne loft.

Yn it gebiet lizze fjouwer nasjonale parken:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Karoo fan Wikimedia Commons.