Hyperkarnivoar
Appearance

In hyperkarnivoar is in karnivoar bist mei in dieet dat foar mear as 70% út fleis bestiet, oft dat no beset wurdt troch aktive predaasje of troch it gearfandeljen fan ies. It oerbleaune diel fan it dieet kin bestean út fruchten en oar plantaardich materiaal, mar ek út poddestuollen en oare skimmels. Foarbylden fan hyperkarnivoaren binne:
- alle kateftigen, de hûskat (Felis catus) ynbegrepen;
- beskate hûneftigen, lykas de wolf (Canis lupus) en de hyenahûn (Lycaon pictus);
- de iisbear (Ursus maritimus);
- de Tasmaanske duvel (Sarcophilus harrisii);
- alle toskwalfisken, lykas dolfinen en potfisken;
- alle ûle-eftigen, earnen, gieren fan 'e Alde Wrâld, gieren fan 'e Nije Wrâld en skateksters;
- alle slangen en krokkedileftigen;
- alle sylfisken, toskbearzen, salmen, piranja's en de measte haaien;
- alle spinnen en skorpioenen;
- alle bidsprinkhoannen.
Fierders wurdt de term 'hyperkarnivoar' ek yn 'e paleöntology brûkt foar útstoarne bisten dy't frijwol eksklusyf fleisiters wiene. In bekend foarbyld is de dinosaurussoarte Tyrannosaurus rex.
Dat in bist in hyperkarnivoar is, wol noch net sizze dat er sels net ek in proai wêze kin foar gruttere rôfdieren.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- hypokarnivoar, in karnivoar waans dieet foar minder as 30% út fleis bestiet
- mesokarnivoar, in karnivoar waans dieet foar 30–70% út fleis bestiet
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |