Springe nei ynhâld

Düsseldorf

Ut Wikipedy
Düsseldorf
Stêd yn Dútslân
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Stedsyndieling10 stedsdistrikten mei 50 stedsdielen
Sifers
Ynwennertal629.047 (2022)
Oerflak217,41 km²
Befolkingsticht.2.893 ynw./km²
Hichte38 m boppe seenivo
Oar
Postkoade40210-40629
Koördinaten51° 13' N 06° 46' E
Offisjele webside
www.duesseldorf.de
Kaart
Düsseldorf (Noardryn-Westfalen)
Düsseldorf

Düsseldorf is de haadstêd fan 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit súdlik fan it Ruhrgebiet. It grutste part fan 'e stêd leit eastlik fan 'e Ryn op it plak dêr de Düssel yn 'e Ryn mûnet.

De stêd is de op ien nei grutste stêd fan Noardryn-Westfalen. Flughafen Düsseldorf International is ien fan 'e grutste lofthavens fan it lân. Der is in grut ferskaat oan yndustry, lykas gemy, masinebou, elektroanika, telekommuniskaasje en fiedselproduksje.

Dêrnjonken is Düsseldorf ek in wichtige keunststêd mei grutte keunstsamlings en ferskillende musea. It hat ien fan 'e meast ferneamde keunstakadeemjes fan Europa, de Kunstakademie Düsseldorf.

Haus Bürgel ûnderdiel fan 'e Limes.

Om 50 nei Kristus hinne waard it gebiet lofts fan 'e Ryn troch Romeinen beset. De oarspronklike bewenners rjochts fan 'e Ryn wiene de Eburoanen, mar dy waarden nei in militêr treffen ferdreaun fan harren wenstee en om 'e grinzen feilich te stellen stienen de Romeinen dêr ynearsten gjin nije delsettings mear ta. Sûnt 100 nei Kristus mochten Tenktearen harren dêr nei wenjen sette, om't hja foar de Romeinen gjin gefaar opleveren. Sûnt healwei de 3e iuw naam de ûnrêst wer ta en moasten de delsettings yn it stedsgebiet rjochts fan 'e Ryn wer opbrutsen wurde. Op 'e nij wie it in gebiet dêr't gjin bewenning tastien waard. Yn 'e 4e iuw bestie súd fan it stedsgebiet in Romeinsk fort, dat doe lykwols noch lofts fan 'e Ryn stie, it saneamde Haus Bürgel.

De lêst dokumintearre ynformaasje út de Romeinske tiid foar it stedsgebiet fan it hjoeddeiske Düsseldorf datearret fan it jier 388. Op dat stuit foelen de Franken it lofts fan 'e Ryn lizzende Galje oan. Op 'e weromtocht waarden de Franken troch de Romeinske generaals Nanninus en Quintinus ferslein. In diel fan it Romeinke leger ûnder Quintinus waard lykwols by de efterfolging nei it oerstekken fan 'e Ryn by Neuss yn 'e sompige bosken rjochts fan 'e Ryn ferneatige.

Dêrnei is der foar in skoft net in soad ynformaasje, mar sûnt healwei de 5e iuw bewize grêffjilden dat der oan beide kanten fan 'e Ryn yn it hjoeddeiske stedsgebiet Frankyske boeren en fiskers wennen. Polityk hearde it gebiet om Düsseldorf oarspronklik ta it keninkryk fan Lotharius I, it Middenryk. Tsjin 'e ein fan it earste millenium hearde Düsseldorf lykwols defintyf by it East-Frankrykske Ryk.

Iere plakken yn Düsseldorf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende plakken yn it hjoeddeiske stedsgebiet fan Düsseldorf binne âlder as de stêd sels.

Rekonstruksjetekening fan 'e Keizerpalts.

Yn 'e iere midsiuwen wie Kaiserswerth in fjouwer kilometer lang eilân (Werth) yn 'e Ryn dat in goed útsjoch op 'e rivier bea en ien fan 'e plakken dêr't de rivier oerstutsen wurde koe. Yn 'e Frankyske tiid ûnstie dêr in hôf, dat stadichoan in kastiel waard. Om 700 hinne skonk Pepyn II it eilân oan de Angelsaksyske misjonaris Switbert, om dêr in benediktynsk kleaster te stiftjen. Dat kleaster waard lykwols yn 770 troch Saksen en yn 880 troch Wytsings ferneatige. Yn 1045 waard op it eilân troch Hindrik III in keizerpalts stifte, dy't yn 1174 troch keizer Freark Barbarossa ferfongen waard troch in nije, machtiger keizerpalts. Yn 1181 waard Kaiserswerth in ryksstêd. Yn it ramt fan meardere belegerings tusken 1213 en 1215 lei greve Adolf III fan Berg in daam oan, dy't de ferlanning fan in earm yn 'e Ryn feroarsake, sadat it eilân oan it fêstelân kaam te lizzen. Sûnt 1273 stie it eilân ûnder ynfloed fan 'e Keulske aartsbiskoppen en oant 1424 bouden dy Kaiserswerth ta de sterkste fêsting fan Kar-Keulen út.

Yn 1702 yn 'e Spaanske Súksesjeoarloch (1702-1715) waarden de fêsting en de stêd slim skeind. De hast folslein ferneatige keizerpalts tsjinne sûnt as stiengroeve foar de weropbou fan 'e stêd en sa bleau der allinne in ruïne oer. Polityk en ekonomysk bleau Kaiserwerth neitiid sûnder betsjutting. Yn 1929 waard Kaiserwerth by de groeiende stêd Düsseldorf foege.

Gerresheim.

Yn it easten fan it hjoeddeiske stedsgebiet ûntstie yn 'e 9e iuw it frouljusstift fan Gerresheim. Gerresheim wie al hiel ier in tsjerklik en kultureel sintrum yn it Düsseldorfer stedsgebiet. Yn 919 waard it stift troch Hongaren fernield en de abdis en de nonnen flechten mei de reliken fan 'e patroanhillige nei Keulen. Yn 'e twadde helte fan 'e 10e iuw waard it stift wer opboud. Stadichoan ûnstie der in doarp mei in doarpsplein foar merken. It doarp krige yn 1368 fan 'e greven fan Berg de status fan stêd. Brannen en oarloggen makken dat de stêd sûnt de 17e iuw yn it neigean rekke. Mei de sekularisaasje waard it stift yn 1803 opheft en yn 1806 ôfbrutsen. Sûnt de yndustrialisaasje bloeide Gerresheim op 'e nij op, fral troch de stifting fan in glêsfabryk yn 1864. Yn 1909 waard Gerresheim by Düsseldorf yndield.

'Kastiel Angermund.

Hielendal yn it noardlike stedsgebiet leit it yn 1188 foar it earst neamde kastiel Angermund. De greven fan Berg krigen it kastiel yn 'e 12e iuw yn hannen, dat strategysk tusken de ryksstêden