Springe nei ynhâld

Aarlen

Ut Wikipedy
Aarlen
Arlon
De Sint-Donatustsjerke op 'e Knipchen-heuvel yn it sintrum fan Aarlen
De Sint-Donatustsjerke op 'e Knipchen-heuvel yn it sintrum fan Aarlen
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Belgje Belgje
Provinsje Lúksemboarch
ArrondissemintAarlen
Sifers
Ynwennertal31.492 (2025)
Oerflak118,64 km²
Befolkingsticht.264,51 ynw./km²
Hichte410 m
Oar
StiftingRomeinske tiid as Orolaunum
Postkoade6700, 6704, 6706
Netnûmer063
Gemeente Aarlen yn Lúksemboarch
Gemeente Aarlen yn Lúksemboarch
Kaart gemeentegebiet
Kaart gemeentegebiet
Offisjele webside
www.arlon.be
Kaart
Aarlen (Belgje)
Aarlen
Lokaasje fan Aarlen yn Belgje

Aarlen (Frânsk en offisjeel: Arlon, Lúksemboarchsk: Arel, Waalsk: Årlon) is de haadstêd fan 'e Belgyske provinsje Lúksemboarch (Luxembourg).

Ald tsjerkhôf en resten fan 'e termen fan Arlon.

Foar de Romeinske oermastering fan Galje waard it grûngebiet fan Aarlen en in grut gebiet yn it súdeasten bewenne troch de Trevery, in Keltyske stamme. De befolking paste har relatyf maklik oan 'e Romeinske kultuer oan. It tal en de kwaliteit fan 'e byldhoude stiennen en monuminten dy't yn 'e omkriten opgroeven binne, litte sjen dat de vicus (delsetting) Orolaunum al gau in hannels- en bestjoerssintrum fan 'e Romeinske beskaving waard. De Germaanske ynfallen fan 'e 3e iuw makken in ein oan dy iere foarútgong, nettsjinsteande de ferdigeningsmuorren dy't op 'e Knipchen-heuvel boud wiene om it plak te beskermjen.

Yn it grutste part fan 'e midsiuwen makke de befolking noch altyd gebrûk fan 'e iere gebouwen, lykas de termen (badhûzen). Yn 1006 boud Walram I fan Limburch, greve fan Aarlen, in kastiel op 'e Knipchen-heuvel yn it sintrum fan 'e stêd.

Ruïnes fan 'e Abdij fan Clairefontaine.

Mei hartoch Walram I, begûn in grevedynasty fan Aarlen. Sûnt 1226 kaam Aarlen yn hannen fan 'e greven fan Lúksemboarch. Yn 'e 13e iuw waard by Aarlen yn Clairefontaine de iennige sistersjinzerske abdij foar nonnen yn 'e regio boud. In soad famyljeleden fan it Lúksemboarchske grevehûs waarden dêr troch de iuwen hinne byset. Yn 1794 waard de abdij troch Frânske revolúsjonêre troepen plondere en folslein ferneatige.

15e oant 18e iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hartochdom Lúksemboarch sels, dêr't Aarlen ûnder foel, waard yn 1441 ûnder Filips de Goede in part fan 'e Boergondyske Nederlannen. Nei't Karel V yn 1556 syn ryk oerdroech oan syn soan Filips II fan Spanje, briek der in ûnrêstige tiid oan foar de hiele regio mei oanhâldende oarloggen tusken Frankryk, Spanje en de Súdlike Nederlannen. Yn 1558 waard hast de helte fan 'e stêd, ynklusyf it kastiel, ferneatige troch de Frânske troepen fan Frâns fan Guise.

Yn 'e 17e iuw bouden kapusynske muontsen in kleaster op 'e ruïnes fan it kastiel en de Frânsen fersterken de ferdigeningsmuorren neffens de ûntwerpen fan Vauban. In tafallige brân ferneatige yn 1785 op 'e nij in grut part fan 'e stêd.

Op 9 juny 1793 stienen de Frânske revolúsjonêre troepen flak bûten Aarlen foar de Eastenrikers oer. De Frânsen kamen as oerwinners út de striid en namen de stêd oer fan it Eastenryksk bestjoer. Hja ferjoegen de kapusynske muontsen en brûkten harren kleaster as hospitaal. De Sint-Donatustsjerke op 'e Knipchen-heuvel en de kleastergong foarmje de kearn fan it eardere kleaster.

Yn juny 1815, nei de nederlaach fan Napoleon yn 'e Slach by Waterloo, kaam Aarlen wer ûnder it bestjoer fan it hartochdom Lúksemboarch. Troch it Ferdrach fan Londen yn 1839 waard it hartochdom folslein soeverein as gruthartochdom. Dêrby waard it geografysk gruttere westlike part fan it hartochdom — de provinsje Lúksemboarch, ynklusyf de stêd Aarlen — oan it nij oprjochte Keninkryk Belgje jûn.

Aarlen wie ien fan 'e earste slachtoffers fan 'e Dútske ynvaazje yn 1914; op 26 augustus waarden yn Aarlen 121 finzenen út Rossignol eksekutearre op bevel fan kolonel Richard Karl von Tessmar. Ek by de ynfal fan 'e Dútsers yn 1940 wie Aarlen wer ien fan 'e earste plakken dy't troch de Dútsers oermastere waarden. Aarlen waard ferdigene troch Frânske troepen, mar dy wiene net yn steat om de Dútske opmars op te kearen.

Aarlen hjoed-de-dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't Aarlen hiel ticht by de grins mei it Gruthartochdom Lúksemboarch leit, is de stêd trochgien mei útwreidzjen mei nije wenwiken en ferskillende yndustryterreinen. In soad ynwenners stekke alle dagen de grins oer om yn it Gruthartochdom te wurkjen. Alle ynternasjonale sneltreinen meitsje in stop yn Aarlen, om't Aarlen it lêste Belgyske stasjon is foar it einstasjon yn Lúksemboarch-Stêd.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Martinustsjerke.
  • De Sint-Donatustsjerke stiet op 'e Knipchen-heuvel, it plak dêr't earder it midsiuwske kastiel fan de greven fan Aarlen en it lettere kapusiner kleaster stien hawwe. De 17e-iuwske kleastergong is foar in part bewarre bleaun.
  • De Place des Fusillés (Plein fan 'e Fusillearden) is in plak fan betinking yn it sintrum fan de stêd, mei in grutte obelisk en in ingel. It monumint is oprjochte ta neitins oan 'e 121 boargers dy't dêr op 26 augustus 1914 troch de Dútske besetter eksekutearre waarden.
  • In stikje fierderop markearret by it fiadukt in stiennen krús mei in tekst it krekte plak fan 'e eksekúsje.
  • De Sint-Martinustsjerke (Église Saint-Martin) is in grut, neogoatysk tsjerkegebou út it begjin fan 'e 20e iuw (boud tusken 1907 en 1914) mei in toer fan 97 meter heech.
  • De romaansk-byzantynske Hillich Herttsjerke (Église Sacré-Coeur) waard yn 1855 boud foar de Jezuïten.
  • Yn it sintrum fan Aarlen stiet de âldste synagoge fan Belgje. It gebou is ûntwurpen yn in romaansk-byzantynske styl.

It Argeologysk Museum (Musée Archéologique) hat ien fan 'e rykste kolleksjes fan Gallo-Romeinske keunst yn Jeropa. It stiet benammen bekend om syn grutte samling Romeinske grêfmonuminten en byldhouwurken dy't yn de omjouwing opgroeven binne en dy't it deistich libben út dy tiid sjen litte.

Gaspard-Museum (Musée Gaspard) is ûnderbrocht yn in 19e-iuwsk hearehûs en hat de lokale keunst en skiednis as tema. It museum toant û.o. in kolleksje fan 'e bruorren Gaspard (in byldhouwer en in fotograaf) en it ferneamde 16e-iuwske retabel fan Fexhe-le-Haut-Clocher.

Ermesinde, stifteres fan 'e Abdij fan Clairefontaine.

De ruïnes fan 'e Abdij fan Clairefontaine lizze in pear kilometer bûten it sintrum, tichteby de grins mei Lúksemboarch. Under de 19e-iuwske kapel is de 13e-iuwske krypt mei de tombe fan grevinne Ermesinde te besichtigjen.

Plakken yn 'e gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
#NammeOerflak
(km²)
Ynwennertal
(2025)
Ynw./km²
1Aarlen8,9416.9701.899
2Autelbas-Barnich24,162.613108
3Heinsch39,075.757147
4Bonnert17,814.770268
5Guirsch8,3226332
6Toernich20,771.05951

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolkingsûntwikkeling fan 'e gemeente Aarlen (ynklusyf de yn 1977 fusearre gemeenten)
Jier 18311846185618661880189019001910192019301947
Ynwennertal 8.00310.98111.08811.18212.87514.07816.47818.79317.61217.78017.387
Groei +37,2%+1,0%+0,8%+15,1%+9,3%+17,0%+14,0%-6,3%+1,0%-2,2%
Jier 19611970198119902000201020202025
Ynwennertal 20.41222.70722.27923.32524.79127.76330.08131.492
Groei +17,4%+11,2%-1,9%+4,7%+6,3%+12,0%+8,4%+4,7%

Boargemasters fan Aarlen wiene:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De skiednis is in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Arlon